Rykswettersteat stekt jild yn werstellen Skylger kwelders

03 aug 2017 - 10:03

Mei in subsydzje fan 800.000 euro fan Rykswettersteat kin it werstel fan de kwelders op Skylge begjinne. Dat is nedich, omdat oars de Striperkwelder en de Keach oan de súdkant fan it eilân troch eroazje sa njonkenlytsen ferdwine. Troch de oanlis fan kwelderwurken wol Rykswettersteat yn gearwurking mei oare organisaasjes in part fan it kwelderlânskip herstelle. De kommende tiid wurde de fergunningen oanfrege en begjint de projekttarieding.

Takommend jier giet de skeppe de grûn yn. De earste resultaten moatte datselde jier te sjen wêze, ek yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd. It projekt kwelderwerstel is in gearwurking fan de gemeente Skylge, de provinsje, Steatsboskbehear, it Wetterskip, Rykswettersteat en Sense of Place. Kwelders binne bûtendykse gebieten dy't troch opslibbing begroeid reitsje. Der komme ferskate soarten planten en bisten foar.

Trefwurden: 
kwelder Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)