Kollum: "Snappe se it wol?"

03 aug 2017 - 08:31

"De Nederlânske lânbou is de bêste fan de wrâld, sa blykt út ûndersyk fan ABN Amro: de agraryske sektor hat hjir relatyf de leechste impact op it miljeu. Per kilo lânbouprodukt is hjir de minste CO2, enerzjy, pestisiden en antibioatika. De eksport is enoarm, der giet in soad jild yn om, we ha in universiteit dy’t har hielendal taleit op de lânbou. In út en troch profesjonele sektor, en it strielet betrouberens út. It wie nijs, ferline wike, en de sektor kloppe him op ‘e boarst.

Sa as oeral, kin der ek wolris wat mis gean. Der sit Fipronil yn sommige aaien, dat komt út in anty-luzemiddel dat brûkt is by in pear hinnebedriuwen. By aaien fan ien fan dizze bedriuwen is sels sprake fan direkt gefaar foar de folkssûnens, seit de Nederlandse Voedsel- en Warenauthoriteit. De NVWA publisearre it nûmer dat op dizze aaien stiet, en sa kinne wy, konsuminten, checke of we dy tafallich yn ús kuolkast lizzen ha. In profesjoneel systeem, goed foar de konsumint, goed foar de sektor.

Dat wie moandei. Mar tiisdei barden der in pear nuvere dingen. De NVWA publisearre noch mear nûmers fan aaien dy’t net yn oarder binne. De NVWA kin net oars, mar it stiet sloarderich, en it makket konsuminten ûngerêst. Want wat komt der moarn dan noch by? En binne de aaien dy’t ik hjoed dochs opiten ha net goed?

En dat wie net alles. Ta beslút fan de tiisdei, kaam de plakferfangend ynspekteur-generaal Van Zoeren yn Nieuwsuur. Ja, yt se mar net, net ien, seit hy. En dat is in advys fan in YNSPEKTEUR-GENERAAL. Plakferfangend, mar toch. Ynformaasje dêr’t de konsumint it mei dwaan kin. Ik tink dat der tiisdei hiel wat farske aaien it jiskefet yn gien binne. En dêr ha ik alle begryp foar. Ek al binne de aaien dy’t besmet wêze kinne mei Fipronil al út de winkels helle, en kinst alle koaden op ‘e aaien dy’tst noch lizzen hast checke op de site fan de NVWA.

It is in ramp foar de sektor, want hûnderttûzenen aaien wurde ferneatige. De sektor wist de ramp juster noch wat grutter te meitsjen. De LTO reagearre op de útspraken fan de NVWA ynspekteur-generaal, hy fûn de útspraken ûnbegryplik. Eric Hubers fan LTO Nederland, sels ek hinneboer, realisearret him yn ‘e fierste fierte net dat de sektor foar konsuminten in black box is. Se witte der neat fan. Hoecht ek net, want it is dochs in profesjonele sektor? Dy kinne we dochs fertrouwe?

Hubers die it domste wat je dwaan kinne: as sektor dy’t in fout makke hat sizze dat it wol tafalt. It liket der ek wol op dat it tafalt, mar dat moatte je sels net sizze, LTO! Je kinne as sektor dochs net de kontrolearjende autoriteit weromfluitsje? Wat foar yndruk makket dat op de konsumint?

De iennige taak dy’t de LTO hat, is sizze dat de foedselfeiligens foar de konsumint op nûmer 1 stiet. Want, bêste LTO, wy ite se op. Of net. Want nei dizze trije rampdagen foar dizze sektor, twivelet elkenien mei in bytsje boereferstân. En even in pear dagen gjin aaien keapje is foar konsuminten echt gjin ramp. Mar foar de sektor al.

Ha wy dizze dagen sjoen hoe profesjoneel de Nederlânse lânbou is, wannear’t it der op oan komt? 'Vertrouwen komt te voet en gaat te paard' - it is echt net op aaien rinne yn dit gefal: gewoan tajaan dat je fout sitten hawwe, en dan de diggels opromje. Wat oars? Jo moatte je ôffreegje wat foar koepelorganisaasje oft je binne, wannear’t je dizze dynamyk fan konsumintekommunikaasje net yn ‘e gaten ha. Ik soe as hintsjeboer yn elk gefal fuortendaliks myn lidmaatskip fan de LTO opsizze."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)