"Besmette aaien binne grutte strop foar plomfeehâlders"

03 aug 2017 - 08:15

It spannende dei foar plomfeesektor. De Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) ferwachtet dat tongersdei alle ûndersiken nei besmette aaien klear binne. Tsientallen Nederlânske plomfeebedriuwen steane op slot omdat der in bestridingsmiddel mei de ferbeane stof Fipronil brûkt is. Besmette aaien dy't al yn de hannel wiene, binne weromroppen.

In swiere slach foar de plomfeehâlders, seit Piet Faber fan belange-organisaasje LTO Noord. "Jo moatte it fergelykje mei dat jo in nije auto ha dêr't wat mei gebeurt en jo binne net fersekere. Dat jildt ek foar dizze ûndernimmers. Se ha ynvestearre yn hinnen en foer en alles. En as jo de aaien net ferkeapje meie, dan komt der neat fan werom. In grutte strop."  

De sektor waard earder ek al troffen troch de fûgelgryp. Sokke skea wurdt fergoede út in spesjaal fûns. De skea fanwege de besmette aaien is foar rekken fan de boer sels. Fan de hinnebedriuwen dy't ûndersocht wurde fanwege it brûken fan it ferbeane middel stiet ien yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)