FIDEO: Minnertsgea huldiget PC-kening Hendrik Kootstra

03 aug 2017 - 06:51
  • De huldiging fan it winnende PC-partoer

PC-kening Hendrik Kootstra is woansdeitejûn huldige yn syn wenplak Minnertsgea. Mei syn maten Bauke Triemstra en Alle Jan Anema waard er earder op de dei winner fan de 164e PC. Hûnderten minsken kamen byinoar yn MFA De Doarpsfinne en ûntfongen it winnende trijetal mei in grut applaus. Dêrnei waard Kootstra huldige. Boargemaster Gerrit Krol attindearre it publyk der op dat Kootstra de lêste kening fan de gemeente It Bilt is. It Bilt giet aanst op yn de fúzjegemeente Waadhoeke.

(advertinsje)