Sikehûs UMCG ûnder druk troch útbraak MRSA-baktearje

02 aug 2017 - 22:34
De haadyngong fan it UMCG yn Grins - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De útbraak fan de MRSA-baktearje yn sikehûs MCL yn Ljouwert hat ek gefolgen foar oare sikehuzen. It UMCG yn Grins hat der in soad lêst fan. Dat meldt RTV Noord. Troch de útbraak fan MRSA yn Ljouwert kin it Grinzer sikehûs gjin pasjinten mear oerpleatse. De druk op de berne-ôfdieling nimt dêrtroch flink ta.

Yn it MCL yn Ljouwert binne seis poppen besmet mei de MRSA-baktearje. De bern binne yn karantêne pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)