Brânwacht pleatst oaljeskermen yn haven Britsum

© BTB Fotografie
De brânwacht fan Grou hat woansdeitemiddei oaljeskermen pleatst yn de haven fan Britsum. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei baarnde yn de haven in boatsje folslein út. De brân waard lykwols net opmurken, wêrtroch't der neat fan it boatsje oerbleau. Wol kaam der in soad oalje frij by de brân. De brânwacht hat dêrom skermen yn it wetter pleatst, om fierdere ferspreiding foar te kommen.