'Pitbull fernielde beammen'

30 maaie 2012 - 17:43

Net in groepke jeugd, mar in pitbull soe in oantal beammen yn Wommels fernield ha. Dy tip is by de gemeente Littenseradiel binnenkaam. Neffens de tipjouwer liet de eigner fan de pitbull it bist yn de beammen hingje. Dêrtroch soe de bast fan de beammen derôf rekke wêze.

De gemeente nimt de tip serieus en lit it útsykje. Earder wie de plysje noch op syk nei in groep jeugd dy't ferantwurdlik wêze soe foar de fernielings. It giet om in oantal beammen op De Terp en by it Freulefjild.

Trefwurden: 
beammen Wommels pitbull
(Advertinsje)
(Advertinsje)