Hendrik Kootstra útroppen ta kening yn Frjentsjer

02 aug 2017 - 19:48

Hendrik Kootstra fan Minnertsgea is woansdeitejûn op it Sjûkelân útroppen ta kening fan de 164ste PC. Yn Frjentsjer wûn er mei syn teamgenoaten Bauke Triemstra en Alle Jan Anema mei 5-5 en 6-6 de wichtichste keatspartij fan it jier. Yn de finale waard ôfrekkene mei it partoer fan Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser.

(Advertinsje)
(Advertinsje)