Triemstra, Anema en Kootstra winne de 164ste PC

02 aug 2017 - 19:11
  • Besjoch hjir it lêste punt
  • Ynterview mei Hendrik Kootstra
  • De reaksje fan Alle Jan Anema
  • Winner Bauke Triemstra
  • De winners fan de 164ste PC
  • It ferliezende partoer fan de PC-finale
  • Harkje hjir nei it sfearferslach fan de PC-finale

It partoer fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra is de winner wurden fan de 164ste PC yn Frjentsjer. Op it Sjûkelân wûnen Triemstra-en-dy mei 5-5 en 6-6 fan it partoer fan Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser. It partoer fan Attema kaam yn de begjinfaze noch wol op in 2-0 foarsprong, mar dêrnei kamen de beide partoeren op 5-5 lyk. Hjirnei koenen Triemstra-en-dy de PC-winst pakke.

Triemstra, Anema en Kootstra wûnen yn de heale finale fan Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Sjoerd de Jong, mei 5-5 en 6-4. Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser wienen yn in spannende heale finale te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra: 5-5 en 6-6.

Bauke Triemstra wie nei ôfrin út de skroeven: “Ik sei al: wy pakke ‘m! Dat kin net oars. Ik sei it echt. En dan krij ik ‘m sels. Ik lake wat en ik tocht: ik pak ‘m gewoan! Dit is geweldich!” Ek syn maat Hendrik Kootstra koe syn bliidskip net op. “Wy hiene yn Boalsert ek al ris tsjin Attema en-dy keatst en doe krekt wûn. Mar ik hie net tocht dat se it dit kear sa lang folhâlde soene. Dit is fantastysk.”

It wie de lêste PC foar Alle Jan Anema, dy’t ôfskied nimt: “It wie gewoan efkes wachtsjen oant de lêste kear", lake er. "Dit wie in weardige finale. Wy moasten echt oan de bak. Dit is wêr’t jo fan dreame. Dat it slagget yn myn lêste kear is echt geweldich.”

Teloarstelling wie der by it partoer fan Attema en-dy. Jelle Attema: “Tichterby kinne jo net komme yn de finale. Dat wie wol fantastysk west, mar krekt in puntsje te koart. Wy moatte frede ha mei de twadde priis. Fan tefoaren tekenje jo der foar, mar dit is wol even flink balen."

Ek Jacob Klaas Haitsma baalde as in stekker. “Ik rekke dy lêste bal krekt ûnder de nap en hy falt sa yn de hannen fan Bauke. As jo sa tichtby binne, dan is dat soer. Twadde prizen telle net.”

Hillebrand Visser: “Ik hie fan ‘e moarn net tocht dat ik in twadde priis winne soe, mar no oerhearsket dochs benammen de teloarstelling. Dit docht echt efkes sear. It is gewoan kloate, mar it is net oars.”

Sjoch foar alle útslaggen en bydragen ek op www.omropfryslan.nl/keatsen.

Trefwurden: 
keatsen PC Frjentsjer
(advertinsje)