Antonius sikehûs brûkt gjin farske aaien mear

02 aug 2017 - 17:42

Sikehûs Antonius yn Snits ferwurket foarearst gjin farske aaien mear yn it iten fan de pasjinten. It sikehûs nimt dy maatregel om mooglike besmetting mei it luzebestridingsmiddel Fipronil foar te kommen. Ut ûndersyk fan de NVWA hat bliken dien dat der aaien yn 'e omloop binne dêr't dy stof yn sit. It sikehûs brûkt wol healfabrikaten fan aai, lykas aaipoeier, omdat dy kontrolearre binne.

By Van Smaak yn Drachten, dêr't waarme mielen tared wurde, hoege gjin maatregels naam te wurden. It bedriuw brûkt nea rauwe aaien. Van Smaak leveret ûnder oare kant en kleare mielen oan partikulieren, mar ek oan soarchynstellings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)