Hokker partoer wint de PC: Triemstra of Attema?

© Omrop Fryslân, Gerlof Kolk
De finale fan de 164ste edysje fan de PC giet woansdeitemiddei tusken it partoer fan Bauke Triemstra en it partoer fan Jelle Attema. Op it Sjûkelân yn Frjentsjer sille sy stride om de oerwinning yn de wichtichste keatspartij fan it jier.
Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra wûnen yn de heale finale mei 5-5 en 6-4 fan Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Sjoerd de Jong.
Yn in geweldich spannende heale finale pakten Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser in 5-5 en 6-6 oerwinning op topfavoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra.
Sjoch foar alle útslaggen en bydragen ek op www.omropfryslan.nl/keatsen.