Meiwurkers KwadrantGroep beriede har op hurdere aksjes

© Google Streetview
Meiwurkers fan De KwadrantGroep sille de kommende tiid hurdere aksjes tariede tsjin it belied fan de Ried fan Bestjoer. Op 17 july hawwe ungefear 70 meiwurkers al in brief mei harren easken oanbean oan direkteur Roelof Jonkers. De meiwurkers fine de wurkdruk by de soarchynstelling al hiel lang te heech. Dêrom soene der mear minsken oannaam wurde moatte.
In meiwurker fan FNV Zorg & Welzijn seit dat Jonkers úterlik 31 july reagearje soe, mar dat der noch neat fan de KwadrantGroep-direkteur fernaam is. Dizze wike giet der noch in brief nei de Ried fan Bestjoer. As der dan noch gjin maatregels naam wurde, folgje hurdere aksjes.