Ambulânsehely RAV Fryslân docht 400ste pasjinteflecht

02 aug 2017 - 17:26
Foto: Neno Plat

De ambulânse-helikopter fan RAV Fryslân hat woansdei syn 400-ste pasjinteflecht dien. RAV Fryslân, wat stiet foar Regionale Ambulancevoorziening, naam it ferfier fan pasjinten fan de eilannen heal novimber oer fan de kustwacht. De organisaasje skafte der twa helikopters fan it type Airbus H145 foar oan.

De ferwachting wie dat der yn it earste jier 500 flechten dien wurde moasten. Omdat der no nei trijekwart jier al 400 flechten op de teller stean, tinkt RAV Fryslân dy 500 rom te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)