Winkelsintrum Saailân koarte tiid ûntromme

Winkelsintrum it Saailân yn Ljouwert hat woansdeitemiddei koarte tiid ûntromme west. De brânwacht waard alarmearre troch in needmelding út it gebou. It protokol seit dan dat alle minsken it gebou ferlitte moatte. Nei tsien minuten wie dúdlik dat it loas alaarm wie.
In wurdfierder fan de brânwacht seit dat der mooglik noch wat reek hingjen bleaun wie yn it brânmeldsysteem, nei de lytse brân yn The Sting fan moandei. It bedriuw dat de brânmeldynstallaasje yn it winkelsintrum oanlein hat, sil de melders kontrolearje.