Aksjefierders bliid mei nij plan Lemster Westhavendam

03 aug 2017 - 10:00

Inisjatyfnimmer Wietze de Haan is bliid dat de gemeente De Fryske Marren lang om let harket nei in grut part fan de Lemster befolking om it geboutsje oan de Lemster Westhavendam te behâlden. Oer de wize wêrop de plannen no ta stân komme, is De Haan lykwols minder tefreden. Yn in saneamde klankboerdgroep wie gjin plak foar de aksjefierders. Sels joech De Haan oan dat er soks ek net woe, mar der wienen wol twa saakkundige minsken foar beskikber.

De Haan is der dêrom ek net gerêst op dat der wat dien wurdt mei in oare eask fan de aksjefierders; nammentlik dat it geboutsje in gemeentlik monumint wurdt.

De gemeente De Fryske Marren presintearret yn septimber plannen foar de Westhavendam op 'e Lemmer. Oan de ein fan de daam stiet in lyts geboutsje, bekend as 'It eintsje fan 'e daam'. De gemeente kundige earder dit jier oan it geboutsje slope te wollen, mar fanút De Lemmer ûntstie protest tsjin de sloopplannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)