Marriët Hoekstra prolongearret har titel yn Bûtenpost

02 aug 2017 - 16:27

Springruter Marriët Hoekstra út Mildaam hat woansdei de Grutte Priis fan it konkoers hippyk yn Bûtenpost wûn. Dêrmei prolongearret se har titel. Mei har hynder Luimstra's Excel wie sy seishûndertste rapper as Nick van der Broek út Boyl.

Marriët rydt noch mar krekt op Luimstra's Excel en is tige wiis mei har priis: "Mijn paard gaf alles. Ik heb alleen maar gas gegeven. Dit is genieten. Er is niets mooier dan hier in Buitenpost over de finish te komen en dat iedereen dan gek is. Machtig". Luimstra's Excel is mei syn acht jier noch relatyf jong. "Ik leer hem nog maar net kennen", seit Hoekstra.

Susan Bouwman waard mei har fjouwerspan Frysk kampioen yn Bûtenpost.

(Advertinsje)
(Advertinsje)