Ekstra feilichheidsmaatregels PC fanwege stellen frachtwein

02 aug 2017 - 16:06

By it Sjûkelân binne yn de rin fan de dei betonblokken en shovels pleatst om in mooglike oanslach mei in frachtwein op de PC foar te kommen. Oanlieding is de stellerij fan in frachtwein by Visser Afvalrecycling tiisdei yn Harns. Boargemaster Eduard van Zuilen fan Frjentsjerteradiel nimt dêrom gjin inkel risiko. "Toen we dat hoorden, hebben we besloten om ervoor te zorgen dat er geen vrachtwagen meer door kan", sa seit de boargemaster. "Er is geen enkele dreiging of signaal dat dit het geval zou zijn, maar we nemen geen risico."

It giet om in read-giele Scania mei kentekennûmer BZ-SR-59. Wa't de frachtwein riden sjocht, moat de plysje warskôgje. It ôfrûne jier ha der yn Europa ferskate oanslaggen west mei stellen frachtweinen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)