Heale finalisten PC bekend: dizze partoeren binne oerbleaun

02 aug 2017 - 16:11

Woansdeitemoarn begûnen sechstjin partoeren oan de 164ste edysje fan de PC yn Frjentsjer. Nei de earste en de twadde omloop binne der yntusken noch mar fjouwer partoeren oer op it Sjûkelân. Sy sille harren opmeitsje foar in ultime striid om in plak yn de finale fan de PC. Dizze fjouwer partoeren binne noch yn de race:

Heale finalisten

Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra pleatsten har foar de heale finale troch in 5-2 en 6-2 oerwinning op it partoer fan Johan Diertens, Hyltje Bosma en Steven de Bruin. Yn de earste omloop waard ôfrekkene mei it partoer fan Elgar Boersma: útslach 5-0 en 6-0.

De tsjinstanners fan it partoer fan Triemstra yn de heale finale binne Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Sjoerd de Jong. Sy wûnen yn de twadde omloop fan Peter van Zuiden, Kees van der Schoot en Evert Pieter Tolsma, mei 5-2 en 6-4. Earder pakten se yn de earste wedstriid al Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar: doe wie it 5-1 en 6-4.

Se binne dit jier de favoriten foar de winst: Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Mei in 5-1 en 6-2 oerwinning berikte it trijetal de heale finale. Yn de earste omloop wie it noch tige spannend tsjin it partoer fan Menno van Zwieten, it waard 5-5 en 6-4.

It lêste partoer yn de healve finale is it trijetal Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser. Sy berikten de heale finale troch mei 5-2 en 6-2 te winnen fan Auke Boomsma-en-dy. Yn de earste omloop waard it partoer fan Jelte Pieter Dijkstra, Pier Piersma en Jan Schurer mei 'alles oan de hang' ferslein.

Sjoch foar alle útslaggen en bydragen ek op www.omropfryslan.nl/keatsen.

(advertinsje)
(advertinsje)