Motorfyts brânt op yn De Westereen
Yn de Toerstrjitte yn De Westereen is woansdeitemiddei in motorfyts yn de brân flein. De eigener wie mei de motor oan it laskjen, doe't de brân begong. It slagge him noch krekt om de motor út de garaazje te riden. De brânwacht waard oproppen, mar doe't dy kaam, wie de motorfyts al fierhinne opbrând.