Van den Berg ferlit Marrekrite

Skiedend Marrekrite-direkteur Jack van den Berg hat woansdei in lintsje krigen foar al syn wurk foar it rekreaasjeskip. Hy is no Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Van den Berg wie 12 jier direkteur fan de Marrekrite, mar hie dêrneist noch folle mear funksjes en frijwilligerswurk yn de wettersport.
Van den Berg sei by syn ôfskied dat de wize wêrop't frijwilligers by de Marrekrite belutsen binne fan grut belang foar de organisaasje binne.