Wurksumheden Tsjerk Hiddesslûzen útsteld nei oktober

02 aug 2017 - 14:25
De Tsjerk Hiddes slûzen yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It wurk oan de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns begjint letter as pland. Doel wie dat der fan septimber ôf oan de lytse kolk wurke wurde soe, mar dat wurdt fan heal oktober ôf. Dat komt omdat de oannimmer en de provinsje mear tiid nedich ha it wurk ta te rieden.

Yn de kolk moat it meganisme ferfongen wurde dêr't de slûsdoarren mei iepen en ticht gean. It wurk begjint op 16 oktober en duorret oant 18 novimber. Yn dy perioade kinne skippen fia de grutte kolk. Dy wurdt letter dit jier ek noch oanpakt, skippen moatte dan omfarre fia it Prinses Margrietkanaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)