Studinten bedriuwskunde krije wurkstraf foar oplichting

02 aug 2017 - 14:16
Foto: Omrop Fryslân

Twa studinten bedriuwskunde fan de NHL yn Ljouwert binne troch de plysjerjochter feroardield ta wurkstraffen fan 40 oeren. De twa studinten út Holwert en Burgum hawwe yn septimber ferline jier in eksklusyf Breitling horloazje foar 2600 euro te keap oanbean op Marktplaats. It horloazje waard wol ferkocht, mar nea ôflevere. De studinten hiene ek hielendal gjin Breitling horloazje.

De Holwerter studint hat ferklearre dat hy sawol privee as op skoalle yn in negative spiraal siet. De oare studint wie sels in pear kear oplicht en kaam no sels yn de ferlieding. De beide studinten kinne troch it foarfal behoarlik yn de problemen komme. Troch har feroardieling, sille se net maklik in ferklearring fan goed gedrach krije, wylst dy foar studinten bedriuwskunde wol belangryk is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)