Skipswerf Bijlsma bout trije skippen foar Rykswettersteat

Skipswerf Bijlsma yn Warten hat fan Rykswettersteat opdracht krigen om trije nije skippen te bouwen. It giet om skippen dy't foar meardere aktiviteiten ynset wurde op de binnenwetters, mar ek op de Waadsee en Noardsee. Se farre dêrby op akku's, dy't diels opladen wurde mei sinnepanielen op de skippen. Omdat de motor ûnder it skip draaiber is, kin it twa kanten útfarre. Bijlsma hat de skippen sels ûntwikkele. De werf krige de opdracht nei in ynternasjonale oanbestegingsproseduere. It wie de lytste werf dy't dêr oan mei die.
Yn febrewaris 2019 giet it lêste skip it wetter yn. De werf kin dus in moai skoftke foarút mei dit wurk. Der sil ekstra persoaniel nêdich wêze. Neffens direkteur Tjeerd Wiebe Bijlsma wurket hy mei in goeie miks fan minsken út eigen lân en bûtenlân. Wurknimmers út it bûtenlân binne nêdich omdat de arbeidsmerk wer krapper wurdt trochdat de ekonomy oanlûkt.