Feddema gau wer aktyf yn gemeenterie nei frijspraak

02 aug 2017 - 13:42

Wyb Feddema sil wer oan de gong yn de Ljouwerter gemeentepolityk. Dat sei hy woansdei yn it radioprogramma No yn Fryslân. It Iepenbier Ministearje besleat tiisdei om net yn heger berop te gean tsjin de frijspraak fan Feddema yn de saak fan de brân oan de Kelders. By dy brân op 19 oktober 2013 kaam in studint om it libben yn in appartemint dat er fan Feddema hierde. Feddema moast in wykmannich ferlyn foarkomme op fertinking fan dea troch skuld. Hy waard troch de Ljouwerter rjochtbank frijsprutsen. Fanwegen dizze rjochtsaak besleat riedslid Feddema om syn aktiviteiten yn de gemeenteried earst del te lizzen. No't de frijspraak útsprutsen is, hopet Feddema gau wer yn de gemeenteried fan Gemeentebelangen aktyf te wêzen.

(advertinsje)
(advertinsje)