Kampanje 'Friesland Style' set Fryslân del as eigensinnich

02 aug 2017 - 13:10

Merk Fryslân, it buro dat ús provinsje toeristysk sjoen ferkeapje moat, is woansdei mei in nije kampanje begûn: Friesland style. De kampanje beneidrukt dat Fryslân yn alles krekt even oars is: gemoedliker, eigensinniger, wat stadiger miskien, mar ek wat frijer. Mei grutte foto's wurde potinsjele Fryslân-gongers dêr op wiisd. Dat wurdt bygelyks dien op Schiphol, yn bushokjes yn it westen, mar ek op Fryske eveneminten. Carla Boonstra fan Merk Fryslân: "Wy hawwe mei ferskate partijen bepraat wêr't wy as provinsje no it sterkst yn binnen foar de toerist fan bûten Fryslân. Dêr binne dizze saken út nei foaren kaam. Mei sterke bylden wolle wy de provinsje op oantreklike wize presintearje. Bygelyks mei jongerein mei wapperjend hier op in sylboat om it Fryske wetter te promoatsjen." In doel hoefolle ekstra toeristen de kampanje lûke moat is der noch net. "It is yn earste ynstânsje in imagokampanje om Merk Fryslân ris op in oare wize te presintearjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)