FIDEO: De 86ste besite fan Riemer van Zon oan de PC

Woansdei stiet yn Frjentsjer de 164ste edysje fan de PC op it programma. Ien fan de trouste besikers fan dit keatsevenemint is mei rjocht Riemer van Zon. Hy wie oanwêzich by mear as de helte fan alle edysjes fan de PC: yn totaal hat er no 86 kear in besite brocht oan de keatspartij. En lykas Riemer sels seit: ''Ik fyn it noch altyd geweldich om hjir te wêzen''.