Kûveuze-ôfdieling MCL ûntromme fanwegen MRSA-baktearje

02 aug 2017 - 12:25

Sikehûs MCL yn Ljouwert moat de hiele kûveuze-ôfdieling ûntromje. De ôfdieling is troffen troch de MRSA-baktearje. Seis poppen hawwe de baktearje en lizze yn isolaasje. Om de ôfdieling ûntsmette te kinnen, moatte alle bern no de ôfdieling ferlitte. Yn oerlis mei de âlden en oare sikehuzen wurdt in oplossing socht foar alle jonge pasjinten. Yn in tal gefallen betsjut dat dat poppen oerpleatst wurde moatte nei in oar sikehûs.

Ek nimt it MCL ekstra hygiënemaatregels. Befallingen kinne wol yn it sikehûs plakfine, útsein as der in kûveuze by nedich wêze soe. It sikehûs hopet nei it wykein fan de besmetting ôf te wêzen. Wêr't de besmetting weikomt, wurdt ûndersocht. 

Trefwurden: 
MCL MRSA kûveuze ûntromme
(advertinsje)