Kening Wassenaar derút: ''It wie it hjoed gewoan net''

02 aug 2017 - 11:45

De earste ferrassing fan de 164ste edysje fan de PC yn Frjentsjer is in feit. It is foarby foar de kening fan foarich jier: Hans Wassenaar. Wûn er yn 2016 noch de PC mei teamgenoaten Jan Dirk de Groot en Renze Pieter Hiemstra, woansdei ferlear er yn de earste omloop fan it partoer fan Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Sjoerd de Jong. It waard 5-1 en 6-4 foar de tsjinstanners op it Sjûkelân.

''It wie it gewoan net'', sei in nochtere Hans Wassenaar nei ôfrin tsjin ferslachjouwer Geert van Tuinen. ''Wy hawwe fier ûnder ús nivo spile. Alles foel gewoan harren kant op. Wy rûnen efter de feiten oan, mar ik haw my der al wat by deljûn. It wie it gewoan net hjoed.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)