Mooglik ferwurking fan 200.000 Fryske besmette aaien

Sa'n 200.000 aaien fan it Fryske hinnebedriuw dat it ferbeane anty-luzemiddel Fipronil brûkt hat, meie net ferkocht wurde oan konsuminten. De konsintraasje fan Fipronil is krekt te heech. Der wurdt ûndersocht oft de aaien noch brûkt wurde kinne yn oare produkten. De konsintraasje fan it ferbeane middel wurdt dan sa fertinne dat it gjin kwea mear kin. Dat seit Rolf Stuiver fan aaiferwurker Frisian Egg yn Drachten. It is noch net dúdlik wat der mei de hinnen fan it bedriuw barre moat. Ek tsien oant tweintich oare plomfeebedriuwen stean 'op slot'.