Special Olympics nei Fryslân?

30 maaie 2012 - 17:06
Foto: Rachelle Cornelissen-Wenting

Yn Den Bosch wurdt snein bekendmakke oft Fryslân yn 2014 de Special Olympics organisearje mei. Sa'n 2500 sporters mei in ferstanlike beheining dogge dêroan mei. De dielnimmers beoefenje ferskate sporten lykas tennis, swimmen, fuotbal en hurdfytsen. Yn Fryslân wurdt der sporten yn akkommodaasjes op It Fean en yn Snits.

Freed begjinne yn Den Bosch de Special Olympics 2012. Snein wurdt nei de slutingsseremoanje bekend hokker plak of regio yn 2014 it sportevenemint organisearje mei.

Trefwurden: 
Special Olympics
(Advertinsje)
(Advertinsje)