Rekôroantal dielnimmers by konkoers hippyk yn Bûtenpost

02 aug 2017 - 10:57

Der dogge woansdei in rekôroantal dielnimmers mei oan de 64ste edysje fan it konkoers hippyk yn Bûtenpost. Op it Mejontsmafjild wurde sawat 100 dielnimmers ferwachte mei likernôch 300 hynders. Minsken út hiel Nederlân binne op in wachtlist set. It konkoers hippyk hat fjouwer Nederlânske kampioenskippen, ûnder oaren ek it kampioenskip foar it fjouwerspan Frysk ras. Dat is ekstra spannend nei it ûngelok mei it klaverke trije Frysk ras yn Norg in wike lyn. Foarsitter Thijmen Dolfijn fan de hynstesportkommisje Bûtenpost seit dat der lykwols gjin ekstra maatregels naam binne, om't it konkoers wat romte oanbelanget al royaal opset is. Ek hawwe de hynders al omstapt yn Bûtenpost. Dolfijn ferwachtet dan ek dat de bisten dêrtroch al kalmer wêze sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)