Lemmer wol 'It eintsje fan 'e daam' yn âlde steat werstelle

02 aug 2017 - 10:45
Lemsters stride foar behâld fan 'it eintsje fan 'e daam' - Foto: Twitter, Hilda Boesjes

De gemeente De Fryske Marren presintearret yn septimber plannen foar de Westhavendaam op 'e Lemmer. Oan de ein fan de daam stiet in lyts gebouke. Yn 'e folksmûle ek wol bekend as 'It eintsje fan 'e daam'. De gemeente kundige earder oan dat oanpakke te wollen, mar fan De Lemmer út kaam de winsk om it gebouke te behâlden en yn âlde steat te werstellen. De gemeente hat dêr yn oerlis mei ynwenners no in plan foar makke dat dus yn septimber presintearre wurdt. Der wurde dan ek gearkomsten organisearre.

(advertinsje)
(advertinsje)