Suvelsektor hat nije CAO

30 maaie 2012 - 16:51
Logo CNV Vakmensen

Der is in foarlopich CAO-akkoart yn de suvelbrânzje. Dat meldt CNV Vakmensen. It fakbûn is bliid mei it akkoart. Earder drige it fakbûn noch mei aksjes as de wurkjouwers net mei in better foarstel komme soene. Benammen de leansferheging wie net genôch.

Yn it akkoart dat der no leit, krije wurknimmers in leansferheging fan 3,5%. Dêrneist krije se dit jier en takom jier noch in ekstra jildbedrach.

It nije beoardielingssysteem dat suvelwurkjouwers ynfiere wolle, soarget der boppe dat net foar dat minsken minder fertsjinje. Dêr wie it fakbûn benaud foar. De nije CAO giet mei weromwurkjende krêft yn op 1 april fan dit jier.

Trefwurden: 
CAO suvelsektor
(Advertinsje)
(Advertinsje)