FIDEO: Hans Wassenaar krijt klaverke fjouwer by iepening PC

02 aug 2017 - 10:24

Foar it earst yn trettjin jier is der op de PC wer in klaverke fjouwer útrikt. Hans Wassenaar krige de priis woansdeitemoarn by de iepening fan de 164e PC yn de Koornbeurs yn Frjentsjer. It klaverke fjouwer wurdt útrikt oan in keatser dy't de Freulepartij, de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij en de PC wûn hat. Wassenaar waard foarich jier útroppen ta kening fan de PC. Hy wûn op it Sjûkelân mei syn partoermaten Jan Dirk de Groot en Renze Pieter Hiemstra.

By de iepening waard ek wiidweidich omtinken jûn oan it partoer fan Hotze Schuil dat 50 jier ferlyn de PC wûn. It wie de lêste kear dat Schuil yn syn karriêre de PC wûn. Syn partoermaten Klaas van Wieren en Johan Halbesma wienen by de iepening oanwêzich. Se krigen in sulveren leppel en in boerd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)