'De Dream' fan Skearnegoutum

30 maaie 2012 - 16:38

Op 1, 2 en 3 juny is "De Dream" te sjen yn Skarnegoutum. It is basearre op a Midsummernight's dream fan Shakespeare It is in bysûndere projekt dêr't betûfte spilers en regisseurs yn oparbeidzje mei amateurs.

Regisseur Anne Zijlstra regisearet dizze foarsteling,dy't spile wurdt yn en om de âlde pastorij yn har bertedoarp. Se wurdt dêryn begelaat troch Inès Sauer.
Alle spilers komme út de omkriten fan Skearnegoutum.

Trefwurden: 
Iepenloftspul De Dream
(Advertinsje)
(Advertinsje)