Earste iepeningstaspraak fan Ids Hellinga live te folgjen

02 aug 2017 - 06:57

It is in dei fol tradysjes: de PC yn Frjentsjer. Op de fiifde woansdei nei 30 juny is it safier. De âldste sportklassiker fan Nederlân set om healwei tsienen útein op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Foar keatsers it hichtepunt fan it jier. Om acht oere wurdt de dei tradisjoneel iepene mei in taspraak fan de foarsitter.

De taspraak is rjochtstreeks te folgjen op Omrop Fryslân telefyzje. It de earste iepeningstaspraak fan Ids Hellinga. Hy folge Johannes Westra foarich jier op as foarsitter fan de PC.

It is dit jier de 164e PC. De earste kear wie yn 1854. Sûnt dy tiid barde it fjouwer kear dat de wedstriid net trochgean koe. Yn 1859 (troch min waar en in pokke-epidemy), yn 1866 (troch in goalera-epidemy), en yn 1943 en 1944 (troch de Dútske besetting).

De earste jierren wie de wedstriid op in terrein krekt bûten de Oosterpoort fan Frjentsjer. Sûnt 1856 wurdt der keatst op it Sjûkelân.

Omrop Fryslân docht de hiele dei troch ferslach fan de PC mei in liveblog en útslaggen fan alle partijen op ynternet en de omrop-app, flitsen op radio en livebylden fan it Sjûkelân fan 9.30 oere ôf op telefyzje. Alle útslaggen binne ek te finen op teletekst (side 570).

(Advertinsje)
(Advertinsje)