Dielnimmers PC keatse mei roubannen

It Sjûkelân yn Frjentsjer in dei foar de PC © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De dielnimmers oan de PC keatse mei roubannen. Tiisdei ferstoar Rinze Bruinsma, de heit fan keatser Hylke Bruinsma. It beslút om mei roubannen te keatsen is naam yn oerlis mei de feriening foar keatsers. De listen wiene al drukt doe't it nijs de PC berikte. Hylke Bruinsma stiet der dêr noch op, mar syn partoer keatst mei in ferfanger.