Wêr bedarret it wetter yn Súdeast-Fryslân by fûle buien

01 aug 2017 - 22:16

De Stellingwerven en Opsterlân hawwe begjin septimber te krijen mei 'needwaar en foaral in hiel soad wetter'. Gelokkich giet it om firtueel, oftewol sabeare needwaar. Yn in kompjûtermodel stean de rioelen fol wetter wannear't der in baas bui mei nochris in hiele bats wetter by komt. Wêr dat wetter bedarret, is wol dúdlik; de leechste plakken fan de gemeenten.

Stoeprânen leger meitsje

Mar wat der mei it wetter bart as it bûten de rioelen oer de strjitte streamt, is nijsgjirrige ynformaasje. Want dêrmei kinne jo bygelyks beslute om op guon plakken de stoeprâne wat leger te meitsjen sadat it wetter yn de bermen njonken de dyk ferdwynt.

Klimaatferoarings

Ien en oar makket diel út fan in saneamde 'stresstest'dy't yn de hiele provinsje útfierd wurdt. Dat hat wer alles te krijen mei de klimaatferoarings dy't soargje foar fûlere buien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)