Wyb Feddema: "Opgelucht, maar niet blij"

"Ik ben opgelucht, maar niet blij." Dat is de reaksje fan Wyb Feddema op it beslút fan it Iepenbier Ministearje om net yn heger berop te gean tsjin de frijspraak yn de saak fan de brân oan de Kelders. By dy brân op 19 oktober 2013 kaam studint Idsart Otte om it libben yn in appartemint dat er fan Feddema hierde. Feddema moast in wykmannich ferlyn foarkomme op fertinking fan dea troch skuld. Hy waard troch de Ljouwerter rjochtbank frijsprutsen.
Feddema lit wite dat er no foaral ferromme is dat no lang om let in ein komt oan de neisleep fan de brân út 2013. De rjochtsaak wie foar him in drege tiid, mar, sa seit er der by, 'dat stiet net yn ferhâlding ta it folle gruttere leed fan de neibesteanden fan Idsart Otte'.
Feddema hopet no sa njonkenlytsen syn gewoane leven wer oppakke te kinnen.