"PC-winner yn krisistiid ferkocht keningskip"

01 aug 2017 - 21:16

Ald-PC-winner Taede Zijlstra die wolris in keningskip oan in maat oer, as er dêr jild foar krige. Yn de krisisjierren 'ferkocht' er ek wolris in partij. Dat seit Theo Kuipers fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer, dêr't de kommende fjouwer wike in útstalling te sjen is oer Zijlstra.

9 x PC wûn

Taede Zijlstra (1901-1946) wûn tusken 1920 en 1939 mar leafst njoggen kear de PC. Hy waard ek trije kear kening fan de PC. Fierders wie er de alderearste keatser dy't yn 1923 - hy wie doe 22 jier - it klaverke fjouwer bemachtige troch it winnen fan de Freulepartij, Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij en de PC. It keatsmuseum yn Frjentsjer hat de orizjinele medaljekast fan Zijlstra krigen út in legaat en is dêr tige wiis mei.

Knap

Fanwege it 'ferkeapjen' fan de keningstitel waard Zijlstra ferskate kearen tydlik op non-aktyf set troch de KNKB, ien kear sels foar ien jier. Kuipers fan it Keatsmuseum fynt it dan ek bysûnder knap dat er yn syn keatskarriêre mei-inoar 672 punten byinoar keatst hat. "Sûnder skorsingen en it ferkeapjen fan partijen hiene dat der wol hûndert mear wêze kinnen."

Krisistiid

Kuipers is fan betinken dat jo 'de sûnde' fan keatskampioen Zijlstra pleatse moatte yn it perspektyf fan de drege krisistiid. It prizejild fan it keatspartij wie doe al gau mear as in wyklean. Ek it keningskip fan in partij die Zijlstra wolris oer oan in maat, as dy der wat foar oer hie.

Unferslaanber partoer

As type keatser fergeliket Kuipers Taede Zijlstra wol mei de net minder legindaryske Hotze Schuil fan Harns. It wie in opslagger dy't de bal pleatse koe, dêr't er him hawwe woe. Mei syn maten Klaas Kuiken en Ids Jousma foarme Zijlstra foar de oarloch jierrenlang in hast ûnferslaanber partoer.

Sulveren leppels

Yn it keatsmuseum is de orizjinele medaljekast oanfolle mei ferskate foto's en oare trofeeën en prizen fan Zijlstra, lykas in sulveren tabaksdoaze mei dêrop de Aldehou, in sulveren horloazje en ferskate sulveren leppels.

(advertinsje)
(advertinsje)