Selstraf easke tsjin Westereender foar drugshannel

01 aug 2017 - 19:59
Ghb - Foto: ANP XTRA

Tsjin in 27-jierrige ynwenner fan de Westereen is tiisdei 18 moannen selstraf easke. Neffens offisier fan justysje Thea Pitstra hat de man oardel jier lang harddrugs ferkocht, ek oan minderjierrigen. Dêrby gong it om speed en ghb. In 16-jierrich famke ferklearre dat sy wis 36 kear drugs kocht hie by de man. Har trije jier jongere suske wie ek klant by him. De fertochte ûntkende dat er drugs ferkocht. Hy hat ek belutsen west by stellerij fan koper en metaal en hy hat guod stellen by de Mediamarkt yn Drachten.

De Westerener sit sûnt febrewaris fêst. Hy seit dat er fan syn ghb-ferslaving ôf wol. De man kin yn augustus nei in ôfkicklinyk, mar dat fynt de offisier fan justysje te betiid. Sy easket trije jier lang in drugsferbod ûnder tafersjoch fan de reklassearring. Boppedat soe er 4800 euro betelje moatte, omdat er dat fertsjinne hat mei syn drugshannel.

Op 15 augustus docht de rjochtbank yn Ljouwert útspraak yn de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)