Fuotbalfroulju ferwachtsje hiel oare wedstriid tsjin Ingelân

01 aug 2017 - 17:56

De Nederlânske fuotbalfroulju ferwachtsje tongersdei in hiel oare wedstriid, as se it yn de heale finale fan it Europeesk kampioenskip opnimme tsjin Ingelân. Dat lân spilet op in hiel oare wize as de foarige tsjinstanners. "Engeland is heel fysiek, speelt met veel power en is een goed collectief", fertelt Sherida Spitse fan Snits.

Oardel jier lyn ferlearen de Oranjeliuwinnen mei 1-0 fan Ingelân yn in oefenynterlân. "We zijn nu een stuk verder. Ik heb er heel veel zin in." Ek Loes Geurts, dy't twadde keeper is, ferwachtet yn Ingelân in lestige tsjinstanner. "Het is een sterke ploeg die veel lange ballen speelt en vol druk zet. Wij zetten daar iets meer voetbal tegenover."

Oranjekoarts

It hawwe moaie wiken west foar Spitse, Geurts en Sisca Folkertsma, de oare Friezinne yn de seleksje. Alle wedstriden op it EK oant no ta waarden wûn en boppedat wurdt de Oranjekoarts yn it lân hieltyd grutter. Geurts: "We hebben super veel fans en het is overal oranje. Ik heb het niet eerder zo meegemaakt en ik hoop dat het zich doorzet. Het is fantastisch om dit mee te maken." Spitse krijt minder mei fan de gekte yn it lân. "Je ziet af en toe eens een foto voorbijkomen, maar ik denk dat jullie het meer meemaken dan wij."

Spitse is ien fan de wichtichste spilers by de ploech fan bûnscoach Sarina Wiegman. Se is oanfierder en makke al twa goals. "Ik vind het heel mooi zoals het nu gaat. We hebben mooie resultaten neergezet, waardoor de aandacht voor ons alleen maar groter wordt. Dat geeft ons een extra boost."

Foar Geurts is de situaasje krekt wat oars. Se is twadde keeper en moat de wedstriden fanôf de bank besjen. "Ik wist dat het kon gebeuren en doordat ik me er op ingesteld had, kan ik er iets beter mee omgaan." Dochs is de keepster, dy't fan Hichtum komt, der altyd as ien fan de earsten by as der in feestje fierd wurdt. "Ik ben oprecht heel blij als we gewonnen hebben, dan wil ik dat graag vieren", sa laket Geurts.

Feest

Ek Spitse hat nei de oerwinnings in grutte rol yn de feestjes nei ôfrin. Dat is te sjen yn in filmke, dat nei de oerwinning yn de kwartfinale online kaam. Spitse sit foar yn de spilersbus en hat de mikrofoan yn hannen. "Ik ben diegene die de microfoon pakt, dat zit in mijn karakter. Ik vind het belangrijk dat er gelachen wordt en dat er plezier gemaakt wordt. Het is fijn dat de sfeer binnen het team goed is", fertelt Spitse, dy't sels ek wolris oan it sjongen is. "Als het Nederlandstalige muziek is, hoor je mij wel eens zingen", sa seit se laitsjend.

De grutte fraach is wêr't dit mearke fan de Nederlânske fuotbalfroulju einiget. Tongersdei is yn Enschede de heale finale tsjin Ingelân en as der wûn wurdt, is snein de finale tsjin Eastenryk of Denemarken. Ek dy wurdt spile yn de Grolsch Veste yn Enschede. Geurts: "We gaan het zien. Het eindigt sowieso in Enschede en hopelijk pas zondag!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)