Carel van Leeuwen giet mei syn kano nei it wurk

Op ien dei sân oeren kanofarre om fan en nei dyn wurk te kommen. Do moast der miskien net oan tinke, mar Carel van Leeuwen draait syn hân der net foar om. Hy is gek fan de kano en wol no as eksperimint dizze wike mei de kano nei syn wurk. Dat is yn Frjentsjer, It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert. Hy hat in tintsje mei en is oeren ûnderweis.
Mei de kano nei it wurk! Hoe komst derby?
Ik wie altyd al in bytsje in kanogek. Ik tocht, wêrom yntegrearje ik dat net yn myn deistich libben? Ik moat dochs op myn wurk komme. Wêrom doch ik dat net op in manier dy't foar my it aardichste is, nammentlik mei de kano.
Juster hast it foar it earst dien. Hoe hat it foldien?
No, it wie bêst wol swier. Moarns hiel betiid bin ik yn Easterwierrum begûn en doe bin ik nei Frjentsjer fearn. Dat is wol trije oeren farren. Doe haw ik lekker oan it wurk west en oan de ein fan 'e middei bin ik nei Snitser Mar fearn. Yn totaal haw ik sân oeren fearn.
Hast wol wille hân?
Ja, it wie prachtich. It is ôfsjen, mar dat kin dus hiel aardich wêze. Yn de sportskoalle neame sy dat 'work-out' en ik neam dat gewoan 'nei myn wurk'.
Watfoar wurk dochsto dat soks mooglik is?
Ik wurkje by de GGZ as muzykterapeut en dat is hiel aardich wurk, mar jo wurde der net echt fysyk wurch fan. Ik wurkje op fjouwer ferskillende plakken: Frjentsjer, Snits, Drachten en Ljouwert en dat doch ik no allegearre mei de kano.
En dat kin wol mei ôfspraken en soksoarte dingen?
Ja, dat kin. Ik haw sels efterop de kano in opklapbare autopet. Dat is myn klapfyts foar op de kano.
Kinst dochs net by elkenien oan de doar ta komme mei de kano?
Soms wol, soms net. Dat leare jo yn te skatten. Ik moat tongersdei by de Blokhúspoarte wêze en dêr rint it wetter wol oan de foardoar ta. Foarhinne kamen minsken dêr mei de boat. No komme wurknimmers der mei de kano.
Sliepst ek by de kano?
Ja. In kano is hiel grut. Op it wetter is gewicht gjin probleem, dus do kinst in soad guod meinimme, lykas in tintsje en in sliepsek. Ik haw myn hiele hûs yn de kano mei.
Bliuwt it by ien wike of giet it de hiele fakânsje troch?
Tafallich dizze fakânsje net, mar oare fakânsjes haw ik wolris de hiele fakânsje fearn. Op it wetter binne jo altyd op hiele moaie plakken en it is lekker leechdrompelich. Ik hoopje dat minsken it lykas hurdrinne oppakke.