Stoomkursus skûtsjetermen fan Gjalt de Jong

Boppewynse tonne, krúsrak en bakboard. Hasto gjin idee wat dat betsjut? Dan is dit artikel echt wat foar dy. Want wat binne no eins de regels by it skûtsjesilen en wat betsjutte al dy termen dy’t ús skûtsjeferslachjouwers ús om ‘e earen smite? Wy geane yn de lear by ús eigen skûtsjekenner Gjalt de Jong.
Boppewynse tonne
“De boppewynse tonne leit altyd yn ‘e wyn yn ferhâlding ta de start. It is ek de earste tonne dêr’t de skûtsjes nei de start as earste hinne moatte. Hearst it startskot? No dan geane de skûtsjes dus sa gau ris mooglik nei de boppewynse tonne. De rûte dy’t de skûtsjes farre, farre sy meardere kearen dus sy komme ek meardere kearen lâns de boppewynse tonne. En altyd tsjin de wyn yn dus!”
Bakboard en stjoerboard
“Tsja hjir sit ien fan de belangrykste regels oan fêst. Bakboard is de linkerkant en stjoerboard is de rjochterkant fan it skip. Kinst it ûnthâlde trochdat der in ekstra R (fan rjochts) yn stjoeRboard sit. De regel dy’t hjir oan fêst hinget is de folgjende: it skûtsje dat it seil oer bakboard hat, de linkerkant dus, hat altyd foarrang en it rjocht troch te farren. Komt der dus in skûtsje oan mei it seil oer stjoerboard dan moat dy útwike.”
Foar de wyn, tsjin de wyn, heale wyn
“Dit is fansels te fielen mar kinst it ek hiel goed oan de skûtsjes sjen. Komt de wyn fan efteren dan hat it skûtsje foar de wyn, it seil stiet dan hast dwers op op it skûtsje. By tsjin de wyn moat it skûtsje lavearje, oftewol sigesaagjend oer it wedstriidwetter. It seil leit dan hast yn de lingte fan it skip. En dan is it by heale wyn hast wol rieden, dat sit der ûngefear tuskenyn!”
Grutseil en de fok
“It grutseil is it efterste seil en tagelyk ek de grutste. De fok is it foarste seil en dy is dus wat lytser. De seilen wurde betsjinne mei de skoat, ien foar it grutseil en ien foar de fok. De skoatteman is ferantwurdlik foar it grutseil en de fokkeman is ferantwurdlik foar de fok. Sa simpel is it!”
Krúsrak, foar-de-wynse rak en healwynse rak
“Ja dit roppe wy hiel faak! Earst is it goed om te witten dat in rak in ôfstân betsjut. By it foar-de-wynse rak hat it skûtsje eins gewoan foar de wyn. It skûtsje kin dan faak yn ien rjochte line nei de tonne. By it healwynse rak moatte de skûtsjes heal yn de wyn sile. En dan noch it krúsrak! Ek al sa’n term dy’t wy hiel faak roppe. It krúsrak is it stik dêr’t de skûtsjes nei de boppewynse tonne sile. Sy moatte dan tsjin de wyn yn sile en lavearje. Dus it rak, de ôfstân, dêr’t de skûtsjes krúskes sile.”
It skûtsjesilen is fan sneon 5 augustus ôf te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en ynternet. Ek is de folsleine wedstriid te folgjen fia de nije livestream fan Omrop Fryslân, in live kanaal sûnder nijs en muzyk tuskentroch. Fierder hat Omrop Fryslân dit jier it Skûtsjekafee en alle jûnen in ekstra lange gearfetting op telefyzje. Alles oer it skûtsjesilen is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.