Undersyk nei mooglik besmette aaien by Frysk plomfeebedriuw


Fan de 180 hinnebedriuwen dy't op dit stuit op slot sitte fanwege it brûken fan it ferbeane anty-luzemiddel Fipronil stiet ien yn Fryslân. Dat seit Rolf Stuiver fan aaiferwurker Frisian Egg yn Drachten. Op dit stuit wurde de aaien fan it hinnebedriuw ûndersocht.

Mocht de útslach negatyf wêze, dan moatte de aaien fan it bedriuw ferneatige wurde. Oft dan ek de hinnen romme wurde moatte is noch net dúdlik. De útslach fan ít ûndersyk kin elk momint komme, sa ferwachtet Frisian Egg.
De troffen hinneboeren hawwe al sein dat se de skea ferhelje wolle op it bedriuw Chickfriend út Barneveld, dat de Fipronil yn ien fan syn produkten hie. Dat kin noch wolris dreech wurde, tinkt Rolf Stuiver fan Frisian Egg.