Omrop TIP: folgje de 164ste PC by Omrop Fryslân

02 aug 2017 - 07:40
It Sjûkelân yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It is de fiifde woansdei nei 30 juny en dat betsjut dat hiel Fryslân wer útrint foar de PC yn Frjentsjer. Sa as alle jierren docht Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online wiidweidich ferslach fan it keatsen op it Sjûkelân.

Om 8.00 oere moarns sette wy útein mei de PC taspraak live op telefyzje. Wannear't om 9.30 de striid losbarst kinst op de radio harkje nei it ferslach fan Geert van Tuinen en Hijlko Broersma. Ek is de PC al fan 9.30 oer ôf op telefyzje te folgjen mei it kommentaar fan de radioferslachjouwers derby.

Middeis fan 15.00 oere ôf slút ferslachjouwer Roelof de Vries oan op telefyzje, sadat elkenien thús ek meisjen kin nei de keatsklapper fan it jier. Nei de ûntknoping is der jûns fan 19.20 oere ôf in kompilaasje mei hichtepunten fan de PC te sjen. Fansels is dat alles ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Fierder fynst dêr ek in liveblog, de stannen en de útslaggen.

Sjoch foar mear ynformaasje op oer de PC by Omrop Fryslân en alles oer keatsen op Omropfryslan.nl/keatsen.

Trefwurden: 
PC keatsen Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)