Dochs hynderdraverij yn Keale Dunen

01 aug 2017 - 16:09
De ruters stean klear om de Keale Dunen yn te gean - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Der drave ein oktober dochs hûnderten hynders oer de Keale Dunen by Appelskea. Steatsboskbehear hie de kommende edysje fan de saneamde Autumn Desert Trail eins al ôfsein. Se kinne de organisaasje fan it evenemint net foarinoar krije.

Mar sy komme no werom op dat beslút want Hippisch Drenthe hat oanbean om in grut part fan de organisaasje oer te nimmen. De hynders soargje derfoar dat it sân opstoot. Dêrtroch groeit it gebiet net ticht. It evenemint is op 28 en 29 oktober.

(Advertinsje)
(Advertinsje)