Natuerorganisaasje fjochtet natuerbegraafplak Rûgehuzen oan

01 aug 2017 - 15:58
Natuerbegraafplak - Foto: ANP

Yn in harksit fan de Rie fan Steat hat de Stichting Gaasterlân Natuerlân frege om de oanlis fan in natuerbegraafplak by Rûgehuzen te blokkearjen. De natuerorganisaasje fynt dat it plak net geskikt is foar in begraafplak. It leit deun tsjin natuergebiet de Bremer Wyldernis oan.

Fersiken

Inisjatyfnimmer Ab van Middelkoop wol sa gau as mooglik úteinsette mei de oanlis fan it begraafplak, omdat er in soad fersiken krigen hat fan minsken dy't dêr begroeven wurde wolle, ûnder oare in terminale pasjint.

Van Middelkoop beheart ek twa oare natuerbegraafplakken, ien by It Hearrenfean en ien by Winschoten.

Grûnwetterpeil

De Ried fan Steat stelde by de sitting benammen fragen oer de opheechplannen fan Van Middelkoop. De wet op it besoargjen fan liken skriuwt foar dat lykkisten minimaal 30 sintimeter boppe it grûnwetterpeil komme moatte en dat der minimaal 65 sintimeter grûn boppe-op de kiste lizze moat.

Yn it bestimmingsplan stiet dat Van Middelkoop it grûnwetterpeil dan minstens oant 1,35 meter opheegje moat, mar neffens de protestgroep moat dat 1,45 meter wêze. Van Middelkoop wol oan dy eask wol temjitte komme, sei er tiisdei tsjin de Steatsried. De ried docht oer in pear wike útspraak.

Trefwurden: 
Rûgehuzen Rie fan Steat
(Advertinsje)
(Advertinsje)