Skippersportret: Willem Zwaga

02 aug 2017 - 06:15

Oer trije dagen begjint it SKS skûtsjesilen. Dit jier sitte der fjouwer nije skippers yn de kompetysje. Yn de oanrin nei de earste silerij op 5 augustus by Grou, lizze wy de fjouwer nije skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed Willem Uzn. Zwaga.

Syn heit waard twa kear kampioen mei it skûtsje dêr’t Willem no oan it helmhout stiet en ek syn pake en oerpake waarden earder kampioen yn de SKS. Sels sylt hy al sûnt syn alfde as bemanningslid yn de SKS en de lêste fiif jier wie hy ek skipper op syn eigen skûtsje yn de IFKS. Wy lizze him fiif fragen foar:

Dit jier is dyn earste jier as skipper, mar wat makket dy in goede skipper?
“Dat wit ik noch net, ik sil earst sile moatte. Nee, ik bin ien dy’t wit wat er wol en dat bring ik dúdlik oer nei it team. Ien mei it mes yn ‘e bek neame sy dat ek wol haha.”

Wat is dyn ferwachting fan dit jier en op hokker plak einigje jimme?
“Dat is dreech, elkenien sit der goed by op it stuit. Ik hoopje dat wy by de earste sân einigje mar ferwachtsje dat wy by de earste njoggen einigje. Moast dysels altyd in bytsje teloarstelle no, ik haw leaver dat it tafalt dan dat it tsjinfalt.”

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Ik wie alve doe’t ik by ús heit op it skip begûn. Myn earste taak wie yn de roef.”

Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Gesellichheid is by ús ien fan de wichtigste saken. Wy hawwe in grut folchskip en hawwe it dêr altyd hiel gesellich mei-inoar. In goede sfear en in goed team soarget dan foar resultaat.”

Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
“Dan hawwe wy in feestje! Dit jier kampioen wurde slagget net mar ik hoopje wol dat it oait bart!”

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier; alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)