Hurdsyldei en skûtsjesilen: PM-kanaal ôfsluten

01 aug 2017 - 15:55

It PM-kanaal op de Snitser Mar is nije wike woansdeitemiddei folslein ôfsletten foar de skipfeart. Op dy dei is de Hurdsyldei en hat de SKS syn skûtsjesylwedstryd by Terherne. It is foar it earst yn de skiednis dat dat op deselde dei falt.

Yn de 82e Snitswike wurde yn njoggen dagen tiid 300.000 besikers ferwachte. It evenemint sprekt in hieltyd breder publyk oan. Dêrom wol de gemeente Súdwest-Fryslân de oerlest safolle mooglik beheine.

By in evenemint mei sa'n protte besikers wurdt rekken hâlden mei kalamiteiten en terrorisme. Ien fan de saken dy't besikers dêrfan fernimme binne de grutte exit-buorden rûnom yn de stêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)